Joris Collier tusken de imerkes

Keunstner Joris Collier hat him tiisdei neaken yn in pleksiglêzen bak opslute litten. Yn de bak sieten ek nochris 100 sprinkhoannen en imerkes (krekels). De keunstner hat der in pear oeren yn lein tegearre mei de bisten.
De performance makke diel út fan de oade dy't de Fryske groep Fryxos bringt oan Franciscus van Assisi. Dizze út- stalling duorret noch oant 25 augustus.