Bibliobus Koatstertille ferdwynt

Koatstertille en Droegeham reitsje har bibliobus foar folwoeksenen kwyt. It bestjoer fan de iepenbiere biblioteek yn Achtkarspelen wol de bus oer twa jier oan de kant sette, omdat der te min belangstelling foar is.
Der komt in systeem wêrby't minsken fia de kompjûter boeken bestelle kinne. De bibliobus dy't by de basisskoallen del giet, bliuwt wol bestean.