Skeaclaims tsjin De Waadkant

Bouboeren yn Noardwest-Fryslân driigje mei skeaclaims tsjin wetterskip De Waadkant. Troch in flater driigje hektares ierappelfjilden mei brúnrot besmette te wurden.
Meiwurkers fan it wetterskip hiene by wurksumheden in skúf iepen stean litten, sadat besmet wetter fuortrûn is. De ierappelfjilden fan guon boeren binne yntusken mei dit wetter bereine.