Concordia earste op konkoers

De kristlike drumband Concordia út Seisbierrum hat it ôfrûne wykein de earste priis wûn op in grut ynternasjonaal muzykkonkoers yn it Dútske Radstede.
It wie foar Concordia it lêste optreden as drumband. Omdat der hieltyd minder muzyk foar dit soarte bands skreaun wurdt, hawwe de leden besletten om fierder te gean as fanfareband.