Otters wer yn it wyld

Otters swimme wer frij yn Nederlân. Steatssiktaris Faber sette de bisten yn it Nasjonaal Park de Weerribben út. De sân otters komme út Letlân, Wyt-Ruslân, Tsjechië en Sweden.
Takom jier wurde ek otters yn Fryslân útset. De bisten komme yn de Rottige Meenthe. Mei elkoar wurde 40 bisten útset. Otters wienen útstoarn troch wetterfersmoarging.