FK mêstklimmen yn Akkrum

Yn Akkrum wie sneon it Frysk kampioenskip mêstklimmen. Niek Roorda behelle in thúsoerwinning, Hy wie de bêste by de senioaren. Syn doarpsgenoate Sandra Zwerver waard kampioene by de famkes.
De twa oare titels wiene foar net-Akkrumers. Maaike van der Veen fan Sumar wie it bêste fromminske en Winsumer Bart Holtrop de bêste jonge.