Steensma grypt njonken titel

Herman Steensma fan Surhústerfean hat sneon de lêste race wûn fan de seisdaachske fan it Noorderveld-Westerkwartier. It wie syn tredde oerwinning fan dit seizoen.
Yn it einklassemint stiet Edwin Veen út Westerlee boppeoan. Hy wûn de wedstriid foar de tredde kear. Anne van der Veen fan Bûtenpost wie mei in tredde plak de bêste Fries.