Noch gjin huzen yn Bullepolder

De bou fan de wenwyk yn de Bullepolder by Lekkum is de earste twa jier skorst. De bestjoersrjochter hat dat freed bepaald. De gemeente Ljouwert hie it plan neffens de rjochter ôfwize moatten op grûn fan de Fûgelrjochtline.
De feriening Miljeudefinsje hie it fersyk by de rjochter yntsjinne. Earder wûnen de doarpen dy't tsjin de wenwyk binne al in saak by de Rie fan Steate.