Jonge Noardfriezen wol 'action'

Gjin folkloristyske dûnsgroepen, mar in action-wykein. Jonge Noardfriezen wolle it stoffige imago fan 'e beweging kwyt. Dêrta is jongereinwurker Gary Funck oansteld.
As earste wie der in Windmill-climbing yn 'e Lübcke Koog. Om symboalysk it Fryske wrâldsje ris út in oare hoeke wei te besjen. De Noard-Friezen wenje yn Noard-Dútslân.