Appelskea stoot Veluwe foarby

© Omrop Fryslân
Súdeast-Fryslân is ien fan de populêrste toeristegebieten fan Nederlân, sa makke it CBS freed bekend. De sângrûnen by Appelskea en omkriten stean mar leafst op it twadde plak. Nûmer 1 by fakânsjegongers binne sûnt jierren de strannen fan Seelân.
Mei de hege klassearring hat Appelskea de Veluwe ynhelle op de list. Populêrste bûtenlân is Frankryk.