NIPO-enkête oer sweeftrein

De Friezen binne ferdield oer de oanlis fan in sweeftrein út de Rânestêd wei. Dat docht bliken út in NIPO-enkête útfierd yn opdracht fan Omrop Fryslân.
Krekt mear as de helte is foar de sweeftrein, mar sil der amper gebrûk fan meitsje. Ek de provinsjale bydrage fan 250 miljoen euro liedt ta ferdielde reaksjes. Sjoch foar de folsleine enkête op Omrop Fryslân text 170-177.