Asylsikers ferlitte Skylge

© Omrop Fryslân
De opfang fan asylsikers op Skylge hâldt op. Yn hotel Paal 8 sitte no noch 85 asylsikers. Dy wurde fan augustus ôf op oare lokaasjes húsfeste. It COA hâldt op om't Paal 8 net mear foldocht oan de easken.
Boargemaster Van Beukering fynt it spitich, ek foar de bern op skoalle. It is altyd goed ferrûn en der wiene 40 frijwilligers by belutsen.