Sikehuzen hâlde jild oer

Soarchgroep Noorderbreedte dêr't ûnder oaren de sikehuzen Oranjeoord yn Harns en MCL yn Ljouwert ûnder falle, hat ferline jier goed 1 miljoen euro oer- holden. Yn it jierferslach stiet ek dat de wachtlisten flink weromrûn binne.
Dat komt ûnder oaren om't de soarch- ynstellings gebrûk makke ha fan it ekstra jild dat it Ryk beskikber stelt om de wachtlisten werom te bringen.