Samardzic wer by Hearrenfean

Radoslav Samardzic spilet kommend seizoen wer by SC Hearrenfean. De 31-jierrige oanfaller hat in kontrakt foar in jier tekene. Hy hat him moandei meld by de earste training fan de ploech fan Foppe de Haan.
Samardzic spile earder fan 1997 oant septimber 1999 by Hearrenfean. Dêrnei gie er nei Feyenoord, mar dêr kaam er net yn 'e basis.