PvdA lilk oer gasboarrings

De PvdA yn it Noarden is lilk op it nije kabinet. CDA, VVD en LPF gean net akkoart mei gasboarrings op it Waad sels, mar wol fan 'e rânen ôf. It giet dan om de plakken Peazens-Moddergat en Lauwerseach.
It CDA soe hjir in dubieuze rol yn spylje, want de partij wie altyd op de winning tsjin. It CDA soe de VVD achterneirinne, sa fynt de PvdA.