Huzebou Feinsum moat yn fazes

De wenten dy't boud wurde oan de westkant fan Feinsum meie net yn ien kear delset wurde. Dat hat de Steatsrie bepaald. De rie jout dêrmei de provinsje gelyk. Dy fynt dat de huzen ferspraat oer in tal jierren boud wurde moatte.
De gemeente Ljouwerteradiel is it dêr net mei iens en tinkt dat dizze wize fan bouwen mear jild kostje sil.