Warskôging foar oplichting

© Omrop Fryslân
De plysje warskôget foar oplichting. In frou út Frjentsjer krige in brief fan ABC út Venlo. Se soe in jildpriis wûn ha. Om it bedrach te ynkassearjen moast se skriftlik har rekkennûmer en creditcardgegevens trochjaan.
Achter de klub sit lykwols in bekende oplichter. De plysje advisearret om net op sokke brieven yn te gean en seker gjin rekkennûmers troch te jaan.