Lauwerswâlden tsjin begrutting

Wetterskip Lauwerswâlden hat tsjin de begrutting stimd foar de fúzje fan alle wetterskippen. It Kolleezje fan Folmachten fynt dat der tefolle úndúdlikheid is oer de kosten.
Earst stie de begrutting op oardel miljoen euro en no is de begrutting oprûn oant goed trije miljoen euro. Earder stimde it kolleezje ek al tsjin.