Boeren noch lêst fan tongblier

Boeren yn Eanjum en Ie dy't noch lêst ha fan de tongblierkrisis wolle sels har psychyske problemen oplosse. Neffens de begeliedster fan de NLTO sille se net gau in berop dwaan op profesjonele helpferliening. Se holp sechstich boeren dêr't it fee ferline jier fan romme is.
Ut in lanlik ûndersyk nei de gefolgen fan de tongblierkrisis docht bliken dat in kwart fan de boeren it dreech hat.