Anty-fandaalpasta yn Kúkherne

© Omrop Fryslân
De stekken by de brêge fan Kúkherne yn Dantumadiel wurde ynsmard mei spesjale anty-fandaalpasta. De pasta is dreech fan hannen en út 'e klean te krijen en moat jongerein ûntmoedigje om noch langer fan 'e brêge te springen.
Wetterrekreanten hawwe by Kúkherne in soad lêst fan bolbjirken jongerein. Sy soene ek geregeld fan 'e brêge ôf op de boaten pisje.