Striepop jout belies

In hege striepop oan de A6 is sneintenacht omfallen. De pop fan tolve meter heech stie oan de dyk tusken De Jouwer en De Lemmer. It is ûndúdlik hoe't de fiifhûndert kilo swiere pop omfalle koe.
De pop wie opboud yn it ramt fan de wike fan it plattelân. De organisaasje hat besletten it ding net op 'e nij op te bouwen.