Kalm ferrin strjitraces Drachten

De legale fariant fan 'e yllegale strjitraces op de Drachtster airstrip is freed rêstich ferrûn. Der kamen 7.000 taskôgers op it evenemint ôf. De plysje wie oanwêzich mei tsientallen minsken en in helikopter, mar hoechde net yn te gripen.
Hast net ien fan 'e dielnimmers woe tajaan dat se ek yllegaal raced hawwe. Sneontejûn wurdt der wer raced.