'Sportklubs komme yn swier waar'

Sportferienings kinne finansjeel yn de knipe komme trochdat de nije cao foar de sportsektor no aanst ek foar treners fan tapassing is. Dat seit bestjoers- foarsitter Jan de Kroon fan Sport Fryslân.
Neffens De Kroon sille troch de nije cao de trenerskosten mei 15 persint omheech gean fanwege pensioenôfdrachten en sosjale lêsten.