Romjen fee set kwea bloed

It Nederlânske molkfeehâldersfakbûn is poer op de Algemiene Ynspeksje Tsjinst (AID). Dy hat ferline wike tongersdei 43 kij romme op in pleats tusken Grou en Jirnsum. De kij hiene gjin earmerken yn wat wichtich is foar de bestriding fan sykten.
Neffens it molkfeehâldersfakbûn is it ûnakseptabel dat sûne bisten om sa'n reden ôfmakke wurde.