Poiesz sil 35ste filiaal iepenje

Poiesz Supermerken iepenet meikoarten syn 35ste filiaal. It giet om in winkel dêr't foarhinne in Basismarkt yn festige wie, oan de Wilgenstraat yn Ljouwert.
Poiesz hat al trije oare winkels yn Ljouwert. De Fryske supermerkketen tinkt dat it nije filiaal yn septimber iepene wurde kin. De kommende tiid sil socht wurde nei personiel.