Klachten oer foarstelling Oerol

Oerol hat in foarstelling skrast nei klachten fan eilânbewenners. It giet om de foarstelling Oma's begrafenis. Dêrby strune akteurs yn begraffenispakken mei deadskisten oer it tsjerkhôf by de Midslander tsjerke.
De organisaasje fan Oerol wie sels ek ferrast troch it optreden. Direkteur Mulder wist yn it foar net dat dit barre soe, sa seit er.