Spoar betelje mei jild foar Heak

De oanlis fan it magneetspoar mei gjin gefolgen hawwe foar de Heak om Ljouwert, sa fynt it CDA. B en W lûke 15 miljoen euro út foar it spoar fan 'e Rânestêd nei Grins. Dat jild komt út it potsje foar de súdlike ûntslutingswei.
It CDA freget om in ûndersyk nei de ekonomyske gefolgen foar de stêd. Op 2 juny beslút de gemeenteried oer de bydrage oan it nije spoar.