Ynternetprojekt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Ljouwert set yn novimber út ein mei in proef mei breedbânynternet. De gemeente hat fan it ryk jild krigen foar in proef. Breedbân jildt as de ynternet- ferbining fan de takomst. It makket in snelle útwikseling fan bylden mooglik.
It MCL, de bibleteek en de hegeskoallen dogge mei oan de proef. Sikehús- ôfdielingen, lykas hertsjirurgy, kin in soad baat ha by de nije technyk.