Belesting oer tegeltsjebrêge

Der is te min belesting betelle by it meitsjen fan de tegeltsjebrêge by Gytsjerk. It giet om in bedrach fan goed 13.500 euro dat no ekstra betelle wurde moat.
De tegeltsjebrêge is in projekt fan stifting 'It sil heve'. It mieningsferskil tusken de stifting en de belestingtsjinst giet oer de fraach oft de brêge al of net keunst is.