Kaugomfabryk Leaf nei Snits

Kaugomfabryk RBV Leaf komt definityf nei Snits. De Undernimmingskeamer fan it gerjochtshôf besleat tongersdei dat it fabryk yn Amsterdam ticht mei.
De ûndernimmingsried fan RBV Leaf hie besocht sluting en oerpleatsing nei Snits foar te kommen. Yn Snits sil nij boud wurde by susterbedriuw Tonnema. By RBV Leaf wurde ûnder oaren Sportlife en Xylifresh makke.