Fytsen skoalbern net yn oarder

De helte fan de fytsen fan bern út Opsterlân doocht net. Doarpswachten ha de fytsen kontrolearre fan bern út de twa heechste groepen fan de basisskoallen.
De hânremmen wienen net yn oarder, de ferljochting die it net en hânfetten sieten los. De mankeminten moatte makke wurde want oer in skoft kontrolearje de doarpswachten de fytsen op 'e nij.