Molke wurdt wer ophelle

Friesland Coberco Dairy Foods is woansdei begûn mei it opheljen fan de molke. De ûndernimming hopet dat de fabriken yn de rin fan de moarn wer draaie.
Nei oanlieding fan it cao-oerlis advisearje FNV en CNV har leden net mear te staken. Se ynformearje de leden oer twa leanopsjes. Om 11.00 oere moat dúdlik wêze oft se akkoart binne.