Minder romte foar strânsilers

It strânsilen op Skiermûntseach wurdt beheind. No mei noch op hast it hiele strân oan de Noardseekant fan it Waadeilân syld wurde.
It kolleezje hat besletten om in strook fan in kilometer oan te wizen op westpunt fan it eilân. Dêr meie de strânsilers har tenei útlibje. B en W hat it beslút nommen om de oerlêst foar de badgasten werom te bringen.