Gjin sportdei foar skoalbern

© Omrop Fryslân
De sportdei foar alle basisskoallen yn Menameradiel is tiisdei net trochgien. De bern soenen sporte op Schatzenburg by Menaam. De trimbaan wurdt sûnt in jier net mear ûnderhâlden omdat it kompleks privatisearre is. De baan wie wol nedich by de aktiviteiten.
De gemeente wit net oft de 500 skoalbern takom jier wol op Schatzenburg telâne kinne.