Boeren lilk op stakers

Tsientallen boeren ha har tiisdei yn Warkum sammele. Se binne lilk op de stakende suuvelarbeiders. Troch de staking wurdt de molke net mear by de boeren ophelle.
Neffens stakingslieder Terpstra fan de FNV ha de boeren wol begryp foar de sitewaasje fan de stakers mar wolle se der net de dupe fan wurde. Der wie plysje mar dy hoegde net op te treden.