Nije tips yn saak-Vaatstra

Justysje hat tsientallen nije tips krige yn de saak-Vaatstra. Ferline wike is in spesjaal telefoannûmer ynsteld. Ek binne der tips ynkommen op it e-mail-adres.
It tal tips falt Justysje ta, no't de moard al trije jier ferlyn is. Marianne Vaatstra (16) waard yn 1999 by Feankleaster om it libben brocht. It ûndersyk is koartlyn heriepene.