Frats nei lanlik teaterfestival

De produksje Vastgoed BV fan de Fryske Amateurteaterskoalle (Frats) docht mei oan in lanlik amateurteaterfestival. Dat is fan 19 oant en mei 22 septimber yn Arnhem.
Vastgoed BV is in komeedzje oer de finansjele wrâld. De sjuery dy't Frats selektearre, priizge de flitsende foarstelling. De spilers fan it stik sitte twa jier op de teaterskoalle.