Trio Van Tuinen wint yn Damwâld

Pieter van Tuinen, André Kuiper en Chris Wassenaar hawwe sneon de frije-formaasjepartij yn Damwâld wûn. It waard 5 om 'e 3 en 6-2 tsjin it partoer Johannes Dykstra, Sake Porte en Auke van der Graaf.
As tredde einigen Sibbele Lootsma, Henk Vlietstra en Arie den Breejen. Gjinien waard ta kening útroppen yn Damwâld.