Goede opkomst by it intsjen

De GGD hat freed yn Ljouwert 8300 bern yninte tsjin it meningokokfirus. Njoggentich prosint fan bern tusken ien en seis jier wienen oanwêzich. Fan de jongeren tusken 15 en 18 jier kaam 82 prosint opdaagjen.
De GGD is noch oant 26 juny dwaande om alle Fryske bern te faksinearjen. Bern dy't no ferhindere binne, krije yn septimber in werkânsing.