Legaat foar Skipfeartmuseum

It Snitser Skipfeartmuseum hat út in neilittenskip in monumintaal wenhûs oan it Lytssân en in jildbedrach urven. De neilittenskip komt fan 'e famylje Sustring-Sytsma fan Snits. Goudsmid Albert Sustring wie earefoarsitter fan it museumbestjoer. Direkteur Ten Hoeve wol it jild brûke foar it yn stân hâlden en útwreidzjen fan 'e kolleksje fan it museum.