Skansearre kraan is in probleem

© Omrop Fryslân
Friesland Vaart hat in probleem. In kraan dy't belangryk is foar it evenemint is swier skansearre rekke. Moandeitejûn kaam de kraan klem te sitten ûnder in spoarbrêge yn Ljouwert.
Mooglik kin er net mear brûkt wurde. It is de fraach oft foar 21 juny, it begjin fan Friesland Vaart, in nijenien fûn wurdt. De kraan is nedich foar it poadium fan de iepeningsmanifestaasje.