Pijper wint net op De Gordyk

De grutte favoryt Theo Pijper fan Rinsumageast hat úteinlik net de ynternasjonale gersbaanraces op De Gordyk wûn. Hy wûn sneon alle heats en de heale finale, mar yn de finale gie er yn de earste bocht ûnderút.
Der wienen in soad falpartijen. Uppie Bos gie al yn de earste heat ûnderút en kaam net wer yn de baan. Winnner wie de Tsjech Zdenek Schneiderwind.