'Utstel Heak ûnbegryplik'

Deputearre Bijman begrypt net wêrom't de ynpspraakproseduere foar de Heak om Ljouwert stillein wurdt. Reden soe wêze dat der foarearst gjin plannen behannele wurde fan it NVVP, it Nasjonaal Ferkears- en Ferfiersplan.
De Twadde Keamer stemde it NVVP lêsten fuort. Bijman snapt net wêrom't De Heak as iennige no net trochgiet. De nije wei moat Súd-Ljouwert ûntlêste.