Hurdfytsklassiker giet net troch

De 10de edysje fan de hurdfytsklassiker Ronde van de Kerspelen troch Achtkars- pelen giet net troch. Dat komt om't der ûndúdlikheid is oer de oanspraaklikheid by ûngelokken op it parkoers.
Foarich jier ha twa fytsers in skea- claim yntsjinne nei in falpartij. De organisaasje draaide foar de kosten op en wol dat yn 'e takomst net wer. Joop Atsma wol besykje it tij noch te kearen.