Pointer dingt nei Gouden Rat

Fytsefabryk Pointer yn Boelensleane is troch FNV-Bondgenoten nominearre foar de Gouden Rat. Dat is in ûnderskieding foar bysûnder minne wurkjouwers. Der is al jierren in minne relaasje tusken de direksje fan Pointer en de fakbûnen.
Direkteur Haisma ûntkent de misstannen sa as it net neikommen fan de CAO en de ûnfeilige arbeidsomstannichheden. Hy wol net mei de bûnen om tafel.