Aeolus bliuwt foarearst iepen

Technysk 'doe-centrum' Aeolus yn Seisbierrum bliuwt fan 't simmer tagonklik foar publyk. De eksploitaasje wurdt oant 2 septimber dien troch rekreaasje- sintrum Barradiel.
Eigner CHN, de kristlike hegeskoalle Noard-Nederlân, hâldt per 1 july op mei it sintrum. Aeolus waard brûkt as learbedriuw foar studinten. It eardere otterpark by Ljouwert nimt dy taak oer.