Beukers sitte al twa wiken thús

© Omrop Fryslân
Beukers fan basisskoalle Thrimwalda út Gytsjerk sitte al goed twa wiken thús. Se kinne net nei skoalle om't it gebou lêsten ôfbaarnd is. De gemeente hat noch gjin ferfangende lesromte regele.
De âlden fan de bern binne lilk op de gemeente dat de needlokalen sa lang op him wachtsje litte. De gemeente begrypt de ûnfrede mar seit gjin skuld te hawwen oan de fertraging.