Cambuur ferliest op 'e nij

© Omrop Fryslân
SC Cambuur hat ek de lêste wedstriid yn de neikompetysje ferlern. Yn Ljouwert wûn RBC mei 0-3. Dêrmei waarden de Roozendalers poulekampioen en promovearje se nei de earedivyzje.
Cambuur spile slop. De Ljouwerters bewize âld-trainer Gert Kruys mei dizze útslach gjin tsjinst. Kruys syn nije klup Den Bosch einige no as twadde en degradearret nei de earste divyzje.