Sikehûsomrop krijt fideokanaal

© Omrop Fryslân
De sikehûsomrop Noardwest-Fryslân set ynkoarten út ein mei in fideokanaal. De omrop fersoarget al jierren radio- útstjoerings yn soarchsintrum Saxenoord. Sûnt ferline jier novimber sit de omrop yn in nije studio.
It wie al jierren de winsk om ek in fideokanaal te hawwen en dêr is no genôch jild foar. Alles wat yn Frjent- sjer bart is aanst te sjen yn Saxenoord.