Ypsykte ûnder kontrôle

De ypsykte liket ûnder kontrôle te kommen. It tal útbraken fan de sykte stabilisearret him, nei tsien jierren fan ekstreme groei.
Yn 1991 moast ien persint fan de ipen fuorthelle wurde, yn 2000 wie dat tsien persint. Dy groei is no ta stilstân kommen. Dat is mei te tankjen oan de ypwacht dy't twa jier lyn ynsteld is. Yn Fryslân binne 50.000 ipen.